Baldrs Draumar - Of Slogma Tha Saxum

Black Pearl
0
Baldrs Draumar - Of Slogma Tha Saxum - Lyrics

T’is om achthûndert as in machtige hear
It Friezenfolk bringe wol ûnder syn regear
In fjildslach fan de Friezen tsjin de Saksyske tiran
Hi wolde tha sterka Fresan under sine tegetha tian

Of slogma tha Saxum
Thi Fresa fele sterka
Of slogma tha Saxum
Hi forim tha and tha saxinna merka
Of slogma tha Saxum
Thi Fresa to tha lesta
Of slogma tha Saxum
Feng ma of tha saxum ridderan tha besta
Skyld tsjin skyld
De dea skuort troch ús kiel
Swurd tsjin swurd
Gjin Sakser bliuwt hjoed hiel
Broer neist broer
Fjochtsjend oant de dеa
Freon neist freon
Foar еarerom, oars neat

As de moanne by it daagjen
Ferdwynt de Saksenmoed
As snie foar de sinne
Ferstommet harren lûd
As wylden, as wolven
Komme wy op har ta
En slachtsje de Saksers, thene erma and thene rika

Op de heidefjilden
Dêr ’t de Irminsul foel
Under blêden fan boeken
Dêr moetsje wy hjoed
Tusken it pears fan de blommen
Dûnsje wy tusken spearen
Groetsje ús Goaden
Ferspuie harren hearen
Foar Karel de Grutte
Bringe wy de fijân
Mei strûpe om ‘e strôt
En keatlings om ‘e hân
Mei grutte eagen harket er
En krijt dan te ferstean
Hu ta sterka fresa his wit
Thene saxa tha for gen

Post a Comment

0 Comments
* Please Don't Spam Here. All the Comments are Reviewed by Admin.
Post a Comment (0)
To Top